De allerearste kiezer fan Hempens-Tearns hat fannemoarn om healwei achten stimt. Dat barde yn in nij stimburo yn it doarp: de Bining, it doarpshûs.

It doarp hie noch nea in eigen stimburo omt se der te min minsken wennen. Mar mei de komst fan súderbuorren binne der no genôch om in eigen stimburo te krijen.